Jetze wint Wiskunde-Olympiade

23-04-2012 | 11:21
De 17-jierrige Jetze Zoethout út Goutum hat de heechste skoare helle by de Wiskunde-Olympiade foar de Benelúks dy't dit wykein yn België hâlden is. Hy krige in gouden medalje foar syn prestaasje. Jetze is learling fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Hy sit by it Nederlâns team dat de Olympiade wûn. By dy Olympiade moatte learlingen fan it middelber ûnderwiis út België, Nederlân en Lúksemboarch fjouwer wiskunde-opjeften meitsje. Djurre Tijsma fan Beyers Naudé siet ek yn it Nederlâns team. Hy krige in earfolle fermelding
  •   It waar fan hjoed
  • Dei
    Dei
  • Nacht
    Nacht
  • Maks. Temp.

    14°C
  • Min. Temp.

    7°C
  • Wynrjochting

    W-SW
  • Wynkrêft lân

    3
  • Wynkrêft kust

    3

Man smyt 60 fytsen yn grêft

23-04-2012 | 11:01
In man dy't yn de war wie, hat sneintejûn yn Ljouwert sechtich fytsen yn 'e grêft smiten. Omstanners seagen dat en hawwe de 40-jierrige Ljouwerter pakt en oan de plysje oerdroegen. De man ferklearre dat er dy fytsen deryn smiet dêr't er fan tocht dat se 'stellen wiene'. Hy woe se 'wytwaskje'. De plysje en de omstanners hawwe fyftich fytsen wer boppe wetter helle. Sawat tsien lizze der noch yn, neffens de plysje. De man sil beoardielde wurde in dokter fan de GGD.

Messen ynleverje by plysje

23-04-2012 | 10:43
Stekwapens dy't mei yngong fan 1 maaie ferbean binne, kinne fan hjoed ôf ynlevere wurde by de plysje. Persoanen dy't in falmes, stiletto of flintermes by harren hawwe, krije fuortendaliks in boete fan 350 euro. Yn alle plysjeburo's yn Fryslân stean konteners dêr't de wapens anonym yn dien wurde kinne. De plysje hopet dat ûnder oare âlden fan bern mei in stekwapen it mes ynleverje sille. Grutte messen wiene al ferbean, no meie alle stekwapens net mear, ek de lytse eksimplaren net.

Marit Bouwmeester yn Hyères

23-04-2012 | 10:03
Marit Bouwmeester is by it wrâldbekersilen yn Súd-Frânske Hyères begûn mei in twadde en fjirde plak. De wrâldkampioene fan Warten yn de Laser Radial stiet nei de earste dei op it fiifde plak yn de tuskenstân. Har trainingsmaatsje Claire Blom is fjirde. De Britse Alison Young giet mei twa 'ientsjes' oan de lieding. Der waard op de earste dei syld mei in protte wyn. De wedstriden duorje oant en mei freed. Pieter-Jan Postma yn de Finn en Roelof Bouwmeester yn de Laser dogge net mei yn Hyères.

Ferkiezings kommendeweis

23-04-2012 | 10:03
Nei alle gedachten moatte we fan 't hjerst wer nei de stimbus. It is it gefolch fan it klappen fan it Catshuisberied oer ekstra besunigings. De PVV fan Geert Wilders luts de stekker derút, omdat de besunigings der neffens him foar soargje dat de keapkrêft fan AOW'ers achterútgiet. It betsjut dat de partijen harren wer klearmeitsje kinne foar de kampanje.

Barista-wedstriid Ljouwert los

23-04-2012 | 10:01
Yn kafee-restaurant De Vrouwenpoort yn Ljouwert is moandei om kofjetiid de wedstriid 'Barista 058' útein set. Oan de wedstriid wa't de bêste espresso en cappuccino fan Ljouwert makket dogge njoggen horekasaken mei. Sy wurde kritysk folge troch in fjouwerkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan barista Niels van Felius fan Hegeskoalle Stenden. De inisjatyfnimmers wolle mei de wedstriid Ljouwert op de kaart sette as stêd dêr't je kwalitatyf goeie kofje drinke kinne. Der binne yn Ljouwert in soad kofjesaken bykaam de lêste tiid.

Nij Frysk Sjongersgala

23-04-2012 | 09:44
De Fryske sjongers Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra komme mei in Frysk Sjongersgala. Dat wurdt 16 novimber holden. De fjouwer sjongers trede dan sels op, mar der binne mear artysten frege. Sa dogge Gerbrich van Dekken en Marcel Smit ek mei. Alle artiesten trede solo op, mar ek mei-elkoar. Spesjaal foar it Frysk Sjongersgala wurde nije lieten skreaun.

Frosk wol skoalswimmen hâlde

23-04-2012 | 09:41
De gemeente Dantumadiel moat it skoalswimmen yn stân hâlde. Yn in brief oan de gemeenteried ropt it komitee De Frosk de riedsleden op om moarntejûn ta in oplossing te kommen. B. en w. hawwe earder sein dat it skoalswimmen wol ôfskaft wurde kin. Nei de ferkeap fan swimbad De Frosk yn de Westereen oan de Conegroup hat de gemeente gjin jild mear foar it skoalswimmen. It komitee De Frosk wol it skoalswimmen behâlde foar bern dy't dat nedich hawwe. Bern mei in diploma kinne frijswimme ûnder de les.

Auto oer de kop op A32

23-04-2012 | 07:57
Op de A32 is moandeitemoarn om healwei achten hinne by de ôfslach Wurdum in auto oer de kop slein. Dêrby rekken twa froulju út Grou fan 22 en 26 jier ferwûne. De bestjoerder kaam fan de Werpsterhoeke en ried rjochting Snits doe't de auto oer de kop sloech. Mooglik hie de frou in lekke bân. De slachtoffers binne mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De auto lei op de linkerrydstrook. Dat soarge foar fertraging foar it oare ferkear.

Gjin treinferkear nei ûngelok

23-04-2012 | 07:54
Troch in ûngelok moandeitemoarn by de spoarweioergong Spoarbuorren Súd yn Kollumersweach ride der gjin treinen tusken Hurdegaryp en Bûtenpost. Op it spoar is om sân oere hinne in persoan oanriden troch in trein. De spoarweioergong is stremd foar it ferkear. De plysje tinkt dat it noch wol even duorret foardat it treinferkear wer op gong komt. Der wurde bussen ynset.

'Te folle leven by oefening'

23-04-2012 | 07:49
De grutte loftmachtoefening Frisian Flag kin net nochris hâlden wurde op de manier wêrop't dat de ôfrûne dagen op de Ljouwerter fleanbasis barde. Dat konkludearret Doarpsbelang Marsum op basis fan lûdsmjittings ûnder de oefening. De mjittings giene de ferwachtings fier te boppe, foaral by it lêste diel fan de oefening op freedtemoarn. Doe brûkten de F16's de neiferbaarners en waard twa kear goed 130 desibel metten.

Mollema sechsde yn Luik

22-04-2012 | 17:45
Hurdfytser Bauke Mollema, wenjend yn Ljouwert, is snein sechsde wurden by de 98e edysje fan Luik-Bastenaken-Luik. Mollema kaam nei goed 257 kilometer yn in tiid fan 6.44.28 oer de streek en wie dêrmei de bêste Nederlanner. By de Amstel Goldrace wie de Raborenner mei in 10e plak ek al de rapste Nederlanner. De winst gong nei de Kazach Maxim Iglinsky, dy't de titel oernimt fan Philippe Gilbert. De Italiaan Vincenzo Nibali waard twadde. Syn lângenoat Enrico Gasparotto sprinte nei it tredde plak.

Rekelhof yn petear mei NEC

22-04-2012 | 16:09
Herstel -en kondysjetrainer Björn Rekelhof fan Sportklup Hearrenfean is yn petear mei NEC. Rekelhof syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en hy hat noch gjin nije oanbieding krigen fan de klup. Rekelhof slút net út dat hy by Hearrenfean bliuwt, mar befêstiget wol dat hy "om him hinne sjocht." By NEC is Alex Pastoor trainer. Earder wurken Pastoor en Rekelhof al gear by Hearrenfean doe't Pastoor assistint-trainer wie by Hearrenfean.

Snits Wyt Swart nije koprinner

22-04-2012 | 16:01
Snits Wyt Swart is troch de 1-0 oerwinning op Juliana '31 de nije koprinner yn de sneinshaadklasse C. Yn de earste helte krigen de gasten út Malden de grutste kânsen, mar twa goeie rêdings fan doelman Theo Timmermans holden de Snitsers yn 'e wedstriid. Fuort nei rêst wie it Thijs Goes dy't mei in moai ôfstânsskot it iennige doelpunt op it skoareboerd sette. Troch it ferlies Alcides steane de Snitsers no op it earste plak. Be Quick 1887 stiet no twadde, mei in wedstriid minder.

Lichem fermiste Jouster fûn

22-04-2012 | 14:44
It stoflik omskot fan de fermiste Jouster is sneintemiddei fûn yn it natuergebiet by it Nannewiid. De jonge (19) waard sûnt woansdeitejûn fermist. Tongersdei warskôge de famylje de plysje. Dy begûn mei in sykaksje. It wykein is op en om it Nannewiid by Aldehaske socht. Dêr wie de fyts fûn. De ME hat it lichem fûn.

Stellen auto weromfûn

22-04-2012 | 14:28
De plysje hat sneon yn Ljouwert in stellen auto yn beslach naam. Yn de Eikenstrjitte stie in auto dy't net op slot stie. By it neisjen fan it kenteken om de eigener te warskôgjen, die bliken dat de auto stellen wie. De eigener hat al berjocht krigen dat syn auto fûn is.

Utwike foar gefaarlike rider

22-04-2012 | 14:21
It rydbewiis fan in man (76) út Sint Jânsgea is sneon ynnaam nei gefaarlik riden. In plysje seach de man by Sint Jânsgea ticht tsjin de middenstreep oanriden en rekke hast de spegel fan tsjinlizzers. Op de Hege Dyk gie er oer de streep hinne. De plysjeman warskôge tsjinlizzers mei ljochtsinjalen. Dy gongen sawat de berm yn om in frontale botsing foar te kommen. De plysje joech oan dat de man stopje moast. De bestjoerder ûntkende syn riden op de ferkearde baan en hie gjin tsjinlizzers sjoen. It CBR sjocht oft de man noch ride mei.

Kuipers sjit KZ nei lânstitel

22-04-2012 | 14:18
Koog Zaandijk, de nije kuorbalploech fan Gerald Aukes, is sneon lânskampioen wurden. De Noard-Hollânske ploech wûn yn de slotminuten fan in spannende finale mei 20-19 fan PKC. André Kuipers, berne yn Britsum, waard mei 8 treffers topskoarder oan de kant fan Koog Zaandijk. Kuipers skriuwt dêrmei syn fjirde lânstitel op syn namme. Earder wie hy al trije kear de bêste fan Nederlân mei DOS '46. Takom seizoen spylje Kuipers en Aukes mei lânskampioen KZ yn de Europa-Cup.

Plysje hat sukses mei lokfyts

22-04-2012 | 13:57
Mei it ynsetten fan in lokfyts hat de plysje sneontejûn fjouwer minsken oanhâlde kinnen yn Drachten. Op stapjûnen waarden geregeld fytsen stellen op De Kade. De lokfyts is sneontenacht twa kear stellen. De earste dief wie in man (21) fan Oerterp. Hy woe útnaaie, mar koe oanhâlden wurde. By de twadde stellerij wiene trije ynwenners (16, 17 en 20) út Marum belutsen. De plysje koe it trio op De Drift oanhâlde. Alle fjouwer ha in proses-ferbaal krigen. De plysje set de lokfyts faker yn om it tal stellerijen werom te bringen.

Misskandidaten op bootcamp

22-04-2012 | 13:00
De 12 kandidaten fan de Miss Fryslân ferkiezings moasten sneon sjen litte oft se ek sportyf binne. De froulju diene mei oan in bootcamp. Dat hâldt yn dat se bûtendoar ferskate sportaktiviteiten dwaan moasten, lykas kanofarre. By de ferkiezings giet it net inkeld om it uterlik, mar der wurdt ek sjoen oft se trochsettingsfermogen hawwe. De finale fan de ferkiezing Miss Fryslân is 6 maaie.
© 2012 Omrop Fryslân